<big>K</big>ickshaw akseptearret de folgjende XML-eleminten en attribútnammen, attribútwearden en ynhâld dy't ferbûn binne mei dizze eleminten:

<tt><b>Elemint:</b>			<b>Attribútnammen:</b>
menu           		id, label, icon, execute
separator      		label
item           		label, icon
↳action        		name
 ↳prompt       		<i>net fan tapassing</i>
 ↳command      		<i>net fan tapassing</i>
 ↳startupnotify		<i>net fan tapassing</i>
  ↳enabled     		<i>net fan tapassing</i>
  ↳icon        		<i>net fan tapassing</i>
  ↳name        		<i>net fan tapassing</i>
  ↳wmclass     		<i>net fan tapassing</i>

					<b>Attribútwearden:</b>
action         		Execute, Exit, Reconfigure,
               		Restart, SessionLogout

					<b>Ynhâlden:</b>
enabled        		yes, no</tt>

Menu-ID's besteande út leechte tekenstrings binne jildich, mar lykas elke oare menu-ID kinne se mar ien kear foarkomme yn in menu.

— — —

De folgjende menu's binne lykweardich en wurde beide akseptearre troch Openbox en Kickshaw.

<tt><b>(1)</b> &lt;openbox_menu&gt;

      &lt;menu id="menu1" label="Menu1"&gt;
        &lt;item label="item"/&gt;
      &lt;/menu&gt;

      &lt;menu id="root-menu"&gt;
        &lt;menu id="menu1"/&gt;
      &lt;/menu&gt;

    &lt;/openbox_menu&gt;</tt>

<tt><b>(2)</b> &lt;openbox_menu&gt;

      &lt;menu id="root-menu"&gt;
        &lt;menu id="menu1" label="Menu1"&gt;
          &lt;item label="item"/&gt;
        &lt;/menu&gt;
      &lt;/menu&gt;

    &lt;/openbox_menu&gt;</tt>

In menu wurdt altyd sjen as hoe't it yn Openbox ferskynt, dêrom is it lêste fan de twa foarbylden tichterby in WYSIWYG-oanpak. It nadeel is dat foar grutte menu's dit in menu-bestân er wat ferwarrend útsjen litte kin. Dêrom bewarret Kickshaw standert it menu altyd yn it earste formaat (dit kin binnen de opsjes feroare wurde). By it bewarjen fan in bestân, brûkt it programma standert tabulators foar yndentaasjes, mar by it lêzen fan it bestân is it net relevant oft sokke yndentaasjes dien binne mei spatjes of tabulators, lykas alle leechte romte.

— — —

In menu kin tsjinsprekkende menu-attributen bevatten, sa as yn it folgjende foarbyld:

<tt>&lt;openbox_menu&gt;

  &lt;menu id="menu1" label="outside" icon="out.jpg" execute="out" /&gt;

  &lt;menu id="root-menu"&gt;
    &lt;menu id="menu1" label="inside" icon="in.jpg" execute="in" /&gt;
  &lt;/menu&gt;

&lt;/openbox_menu&gt;</tt>

Yn dit gefal folget Kickshaw it foarbyld fan Openbox en lit it de icon-attribútwearden sjen fan binnen it root-menu, wylst it de label- en execute-attribútwearden sjen lit fan bûten it root-menu.
